Gjin problemen tongerbuien

06 aug 2012 - 07:37
  • Wjerljocht

De swiere tongerbuien hawwe sneintejûn yn Fryslân net foar grutte problemen soarge. Om acht oere hinne lutsen de buien fan it suden ôf oer de provinsje. Op It Hearrenfean wie sprake fan wetteroerlêst oan de Herenwal en by Spruyt Arkenbouw. Yn Jistrum waard in beam troch de wjerljocht rekke. De brânwacht hat de beam fuorthelle. De KNRM moast yn aksje komme fanwege in sloep dy't tusken Flylân en Skylge wetter makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)