Blog: De (teloarstellende) dei fan Pieter-Jan Postma

06 aug 2012 - 00:29

Wat in fantastyske dei, mar wat kin sport bytiden hurd wêze. Pieter-Jan Postma gie fol foar in medalje, sels goud hearde eefkes ta de mooglikheden, mar stie úteinlik mei lege hannen. Dêroer aanst mear want foardat it safier wie begûnen wy de dei mei in tradisjoneel Ingelsk moarnsbrochje: spek, bakt aai, wite beannen yn tomatesaus en toast. Moai man, in bêste boaiem foar de rest fan de dei.

Foardat we nei it wedstriidwetter koene, moasten der earst noch wat sfearbylden nei Ljouwert ferstjoerd wurde fan juster. (It ferhaal en de bylden fan de camping mei de Postma's en de Bouwmeesters.) Dat gie frij rap en dus koene we al fluch in moai plakje sykje op de wâl. De famylje Postma hie kaarten foar de tribune mei perfekt útsjoch op it wetter. Foar de bylden is it moai om tichtby de famylje te stean, mar de grutte kamera mei fansels net mei nei dat terrein. Boppedat ha je ek in ticket nedich en dat hiene we net.

We keazen der foar om by de famylje Bouwmeester te stean. Sy stiene foar in drege kar: takomstich skoansoan Ben Ainslie stypje (de freon fan Marit) of dochs harren goeie freon Pieter-Jan Postma? Se swaaiden mei sawol in Ingelske as in Fryske flage en dus losten se it diplomatyk op. Yntusken koe ik fia in oare Nederlanner dochs in kaartsje krije om by de famylje Postma te stean. Dat liet ik my fansels net ûntnimme en mei de spegelreflekskamera fan Dirk koe ik ek noch wat bylden meitsje. It waard in bloedstollend spannende middei.

Pieter-Jan hie in bêste start, mar foel dêrnei in stik werom. In medalje like fier fuort, mar hy kaam even letter geweldich opsetten. Boppedat leine de konkurrinten út Ingelân en Denemarken hielendal achteroan it fjild. Dêrtroch kaam sels goud yn it sicht, wylst eltsenien foarôf tocht dat brûns it maksimale wie. Pieter-Jan sette alles op alles, mar rekke per ûngelok de tv-kamera oan board fan in oare siler. It smiet him in strafrûntsje op, hie waard ynhelle troch in pear oare boaten, en doe't alle reek oplutsen wie stie Pieter-Jan Postma op it fjirde plak. Mei lege hannen, gjin medalje, it meast ûntankbere plak foar in sporter.

De teloarstelling wie fansels geweldich grut. De famylje koe it net leauwe. Sa tichtby, mar it slagge net. Foar de radio hie ik tidens de wedstriid in pear stikjes opnaam en dêr makke ik fluch in reportaazje fan. Dêrnei wie it wachtsjen op in momint om Pieter-Jan sels nei syn ferhaal te freegjen. Dat momint kaam op sleepboat 'De Holland', dy't tidens de Olympyske Spelen yn de haven by Weymouth (of eins Portland) leit. Dêr troffen we in útsprutsen Pieter-Jan, dy't oer de earste emoasjes hinne wie. Hy fertelde syn ferhaal en liet trochskimerje dat hy noch net wit oft hy wol fierder giet mei de topsport. 'Ik ben nu 30 en er zijn ook andere dingen', sei de man fan it fjirde plak. In grut sportman, dy't ek goed mei ferlies omgean kin. Respekt foar PJ!

Jan Vincent van Zuiden (Twitter: @JVvanZuiden)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)