Zeinstra wint yn Sint Jabik

05 aug 2012 - 19:37

Fenna Zeinstra, Leonie van der Graaf en Harmke Siegersma hawwe snein de frije formaasje partij foar froulju yn Sint Jabik op har namme skreaun. Siegersma moast tidens de partij opslagger Lisette Wagenaar ferfange, dy't útfoel mei in blessuere. Yn de finale wie dit trio folle sterker as Marije Hiemstra, Imke van der Leest en Aukje van Kuiken: 5-0 6-4. De tredde priis wie foar it trio Iris van der Veen, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)