Van der Bos wint Wytmarsum

Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger hawwe snein de frijeformaasjepartij fan Wytmarsum wûn. De ferliezende PC- finalisten wienen net te hâlden yn Wytmarsum. Yn de finale wienen sy mei 5-3 en 6-2 te sterk foar Dirk-Yde Sjaarda, Hendrik Bouwhuis en Jouke Bosje. De tredde priis wie foar Bauke Triemstra, Pieter Jan Plat en Hendrik Kootstra.
De PC-winners, Hendrik Tolsma, René Anema en Thomas van Zuiden, ferlearen yn de earste omloop fan de lettere preemjewinners.