Heer Ivo Huys wol fergoeding

05 aug 2012 - 17:15
  • De muorre wurdt mei in spesjale konstruksje oerein hâlden
  • In spesjale konstruksje moat de muorre oerein hâlde

Eigeners fan it monumintale Heer Ivo Huys yn Ljouwert wolle kompensaasje fan 'e gemeente foar de skea dy't se ha oan de muorren. De eigeners sizze dat troch it wurk oan de parkearkelder fan de Aldehou it gebou fersakke is. Hjirtroch kaam in flinke skuor yn de muorre. Dizze moast op oantrún fan 'e gemeente mei in konstruksje stut wurde.

Earder joech de gemeente oan dat de 60.000 euro dy't dit kostet troch de eigeners sels betelle wurde moat. Yntusken binne politike partijen oanskreaun om omtinken foar it skeel te freegjen.

In wurdfierder fan de gemeente seit dat de saak no by de fersekerder leit en dat dy ynkoarten ûndersyk dwaan sil nei oarsaak fan de skuorren. Pas dêrnei wol de gemeente ynhâldlik op de saak reagearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)