Poer om tegoedbon

© Omrop Fryslân
In 55-jierrige man út Koarnjum is sneintemiddei oanhâlden yn in winkel op it winkelplein De Centrale yn Ljouwert. Hy woe in artikel ynleverje dat er yn de saak kocht hie en der jild foar werom hawwe. It personiel makke him dúdlik dat er allinnich in tegoedbon krije koe. Dat naam de man net en hy waard lilk.
De man wie sa oeral dat er de saak net útgean woe. Dêrom waard de plysje ynskeakele. Dy hat de man nei it buro brocht. Dêr hat er proses-ferbaal krige.