Fryske plysje by tinteramp

De gaos wie grut nei it ynstoarten fan de grutte feesttinte © ANP
Fryske helptsjinsten ha sneontejûn assistinsje ferliend by it tinte-ûngelok op it Dicky Woodstockfestival yn Steenwijkerwold. Plysjes fan it buro yn Wolvegea giene nei Steenwijkerwold om de ambulânses te helpen by it ôffieren fan de ferwûnen fan it festivalterrein. Ek ferskate ambulânses út Fryslân waarden ynset.
Yn Steenwijkerwold stoarte sneon troch needwaar de feesttinte yn, flak foar it optreden fan Rowwen Hèze. Dêr wiene doe 150 minsken oanwêzich. Trettjin ferwûnen waarden oerbrocht nei de sikehuzen fan It Hearrenfean en Meppel.
Sneintemiddei leine noch twa slachtoffers yn 'e sikehuzen fan It Hearrenfean en Meppel. Alle oaren koene wer nei hûs.