Feanster sjit mei buks

05 aug 2012 - 13:36

De plysje hat sneontenacht in man (33) fan It Hearrenfean oanhâlden op fertinking fan swiere mishanneling. De plysje hie de melding krigen dat de man op de Dotterhof dwaande wie om mei in luchtbuks op foarbygongers te sjitten. Op oanwizing fan tsjûgen giene plysjes nei it hûs dêr't út sketten wie.

De Hearrenfeanster waard oanhâlden, de buks en byhearrende munysje waard yn beslach nommen. De fertochte waard foar neier ûndersyk ynsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)