Jonge (15) jout plysje klappen

05 aug 2012 - 13:09

In jonge (15) fan Ouwesyl hat sneontejûn op Skylge in plysjeman slein. De jonge woe in hoarekasaak yn, mar waard fanwege syn leeftyd wegere. De jonge waard doe sa lulk dat er hast in famke omfier treau en tsjin in fyts trape. Doe't in plysjeman him oanspruts, begûn er ek dy te slaan.

De jonge waard fuortendaliks oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo. De jonge mocht fanwege syn leeftyd net ynsletten wurde. Hy waard troch in famyljelid ophelle. De jonge moat him snein wer by de plysje melde om as fertochte heard te wurden.

Trefwurden: 
Skylge plysje klappen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)