Frou brekt teannen by berôving

28 nov 2011 - 10:55

De plysje siket tsjûgen fan in strjitrôf yn Ljouwert. Ferline wike moandei waard in 29-jierrige frou út Marrum troch trije manlju oanfallen op de Willemskade, tichtby de Beurs. Se pakten har horloazje, beurs, tillefoan en ketting ôf. Se brûkten dêrby safolle geweld dat de frou in pear teannen bruts.

De rôf wie om in oere as healwei fiven middeis. De plysje freget minsken dy't wat sjoen hawwe, kontakt op te nimmen. De plysje hat in sinjalemint fan de trije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)