Cambuur wint fan Emmen

04 aug 2012 - 18:38

SC Cambuur hat de lêste oefenwedstriid tsjin Emmen sneontemiddei mei 2-1 wûn. De Ljouwerters kamen rap út de startblokken, troch in goal yn de twadde minút fan Melvin de Leeuw. Emmen kaam foar it skoft op 1-1 troch Almu Baraki.

De twadde helte begûn Cambuur ek sterk. Nei ien minút spyljen makke Michiel Hemmen de 2-1. Nettsjinsteande in oantal kânsen koe Cambuur de skoare net fierder útwreidzje. Snein oer in wike spilet Cambuur de earste wedstriid foar de kompetysje yn en tsjin Volendam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)