Schuil giet noch in jier troch

04 aug 2012 - 18:04

De Ljouwerter beachfollyballer Richard Schuil hat besletten om yn alle gefallen noch in jier troch te gean. Schuil wurdt takom jier 40 en wol dan lang om let in punt achter syn karriêre sette. Schuil die dizze útspraak sneon nei it heljen fan de kwartfinale fan it Olympyske beachfollybaltoernoai.

Schuil docht op it stuit foar de fyfde kear mei oan de Olympyske Spelen. Reinder Nummerdor soe noch wol langer trochspylje wolle mei Schuil, mar dy wol der yn prinsipe nei it WK fan 2013 mei ophâlde.

Schuil en Nummerdor binne dwaande mei in goed seizoen. Se wûnen dit jier ûnder oare grutte toernoaien yn Klagenfurt en Peking.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)