Suksesfol konkoers yn Riis

04 aug 2012 - 17:23
  • It terrein fan it Concours Hippique fan Riis

Tûzenen hynstefans kamen sneon nei Riis. Dêr waard foar de 67e kear it Konkoers Hippyk organisearre. De hiele dei wiene der ûnder oare draafwedstriden, spanraces en jachtspringkonkoersen te sjen. Op it parkearterrein wie al te sjen dat it in drokke dei wurde soe, want dat koe de grutte oanrin mar amper oan.

It bestjoer fan it konkoers hippyk is tige tefreden mei it evenemint. It waar wie goed en boppedat kamen in soad besikers op it evenemint ôf. Mooglik noch wol mear as ferline jier, liet foarsitter Frederik Veltman witte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)