Bouwmeester: spektakel finale

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten hat yn de tsiende race yn de Laser Radial klasse op de Olympyske Spelen sneon goede saken dien. Se wûn de lêste wedstryd en klimt nei in dield earste plak yn it klassemint. Se hat no likefolle punten as de Sinese Xu. Beide ha 33 punten. Op plak trije stiet de Ierse Murphy en op plak fjouwer de Belgise Van Acker.
Dy beide froulju ha 34 punten. Moandei is de medaljerace. Oan dy race mei de top 10 fan it klassemint meidwaan. Bouwmeester hat sadwaande noch folop kâns op in medalje.
Dejinge fan dizze fjouwer froulju dy't yn de medaljerace it heechst einiget is Olympysk kampioen. Yn de medaljerace telle de punten dûbel. Foar Bouwmeester telt allinne goud.
Marit sei sneon nei ôfrin fan har race dat se moandei 'folle bak' sile wol om de kâns op in gouden medalje sa grut mooglik te meitsjen. Bouwmeester heart by de kânshawwers, seker nei it winnen fan de lêste race fan sneontemiddei. Der wurdt moandei net in soad wyn ferwachte. It wurdt in koarte race mei minder boaten. ,,It is de race fan je libben. Je moatte superagressyf farre. Ik ha hjir in soad oefene. Ik ha der dêrom ek wol betrouwen yn.''