Richard Schuil nei kwartfinale

bliidskip by Richard Schuil en Reinder Nummerdor © ANP
Richard Schuil en syn maat Reinder Nummerdor hawwe sneon yn hertsje Londen op 'e nij de kwartfinales berikt fan it Olympysk beachfollybaltoernoai. It duo wûn yn twa sets fan de Switsers Patrick Heuscher en Jefferson Bellaguarda. De setstannen wiene 22-20 en 21-15.
Nummerdor en Schuil meie it moandei yn de kwartfinale opnimme tsjin it Italiaanske duo Nicolai/Lupo. Dat duo is as trettjinde pleatst foar de Spelen. Schuil en Nummerdor as fyfde. Yn Peking kamen Nummerdor en Schuil net fierder as de kwartfinales.
De Italiaanske tsjinstanners fan moandei hellen wol in stunt út. Se fersloegen de regearend Olympyske kampioenen Rogers en Dalhausser út Amearika. Dy wiene as twadde pleatst.