Bouwmeester sakket plakje

© Richard Langdon
Sylster Marit Bouwmeester fan Warten is sneon nei de earste race ien plak sakke yn it algemien klassemint fan de Olympyske Laser Radial. Bouwmeester kaam yn it Ingelske Weymouth as sechde oer de streek. Hjirtroch sakket se nei it fjirde plak yn it klassemint.
It ferskil mei de nûmer ien is fiif punten en mei de plakken twa en trije mar ien punt. Bouwmeester moat sneon letter op de dei wer oan de bak. Moandei wurdt de medaljerace fersyld. Nei njoggen fan de tsien races giet de Ierse Annalise Murphy oan de lieding mei 27 punten.
Op in dield twadde en tredde plak steane de Belgise Evi van Acker en de Sinese Lijia Xu mei 31 punten. Bouwmeester stiet dêr mei 32 punten flak achter.