Famylje jonkje seit tankewol

04 aug 2012 - 13:42
  • UMCG Grins

It giet nei omstannichheden goed mei Tim Popma (1). Hy sloech tongersdei yn Langwar oerboard fan ien fan de folchskippen fan it Boalserter skûtsje. Troch golfslach fan foarbyfarrende skippen wipte it stuoltsje dêr't it bern ynsiet om en rekke hy yn it wetter. Nei't er út it wetter helle is, hat in dokter him reanimearre en is hy mei in traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht.

Dêr leit hy noch. Tim is de soan fan de fokkenist fan it skûtsje fan Boalsert. De famylje fan it jonkje wol elts betankje foar alle help en oandacht.

Itselde jildt foar de bemanning fan it Boalserter skûtsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)