Seis oanhâldings op Rôggefeest

Byld fan it Amelanner Rôggefeest © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
De plysje op It Amelân hat freed by it Rôggefeest seis minsken oanhâlden. In man (32) út Wânswert fersette him en joech in plysjeman in klap yn it gesicht. In man (20) út Blije waard oanhâlden doe't hy him mei in arrestaasje bemouide. Ferskate oare besikers krigen bekeuringen nei't se har misdroegen hiene. Der kamen freed tûzenen besikers nei it Rôggefeest.
It is in strjitfestival dat altyd op de earste freed fan augustus yn it doarp Nes hâlden wurdt. Op ferskate plakken yn it doarp wiene allegearre shows mei muzyk, dûns en teater.