Wer fertragings op spoar Swol

NS-trein © Omrop Fryslân
Treinreizgers moatte dit wykein noch rekken hâlde mei fertragings by stasjon Swolle. Fanwege wurk oan dat stasjon ride der gjin treinen mar bussen. De reis rjochting Amersfoart duorret dêrtroch langer.
Doel is dat de treinen moandei wol wer ride. Dêrfoar wurde de kommende dagen de spoaren en perrons wer teplak lein. It wurk oan it stasjon is nedich omdat it tal treinen dat it stasjon oandocht útwreide wurdt. Ek moat it stasjon klearmakke wurde foar de oansluting fan de Hanzelijn. ProRail wurket dei en nacht mei 200 man oan de put.