77ste Snitswike los

04 aug 2012 - 10:43
  • De sfearfolle iepening fan 'e Snitswike yn it sintrum fan Snits
  • Byld fan de earste sylwedstriid op sneontemoarn

De 77ste edysje fan de Snitswike is freedtejûn iepene. De kommende wike stiet Snits yn it teken fan de hurdsylwedstriden op 'e Snitsermar. Mei 760 dielnimmers is de belangstelling wat minder as foargeande jierren. De Snitswike hat dit jier konkurrinsje fan de Olympyske Spelen, mar dat sjocht foarsitter Jaitie Dijkstra fan de Keninklike Wettersportferiening Snits net as in grut probleem.

Johan de Visser is freedtejûn útroppen ta skipper yn de Oarder fan de Sneker Pan. It wie de 59-ste kear dat dizze ûnderskieding útrikt waard.

It giet om in ûnderskieding foar immen dy't him of har bysûnder ynset foar de sylsport. It silen sels begûn sneontemoarn om 10.00 oere mei in startskot op it Starteilân op 'e Snitsermar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)