Blog: Sykje nei Friezen op de Oranjecamping

03 aug 2012 - 22:28

Hjoed in kear gjin striid om earne binnen te kommen. De Oranjecamping is foar eltsenien iepen en we giene der hinne foar in sfearreportaazje oer de Friezen dy't dêr ferbliuwe. Mar dan moatte dy der wol wêze... Ik hie moarns noch in oprop op Twitter dien, dy't troch in protte minsken retweeten is (tank dêrfoar!). It smiet lykwols gjin reaksjes op dêr't we wat mei koene en dus giene we der mar op de dolle rûs hinne.

It earste it bêste famke dat we troffen wie fuortendaliks in Friezinne. Dat skeat op! It wie Linda van der Haar dy't oan it wurk wie foar de NS om fytsen te fersoargjen foar de campinggasten. De earste bylden mei in Fries hiene we der dus rap op stean. In goed begjin is it...

Nee, dat sprekwurd gie net op. Sykje, sykje, sykje mar allinnich mar Brabanners, Brabanners en noch mear Brabanners! It like wol oft hiel Brabân nei de camping kaam wie. Harstikke aardige minsken hear, dêr net fan, mar gjin Friezen... Ek Beijing TV stapte op de camping om, mar dy koene ús ek net fierder helpe. Se woene my noch wol even ynterviewe (sjoch foto). Se fregen harren ôf wat dy Nederlanners dochs sa moai fine oan kampeare?! Ik koe se it antwurd net jaan, want ik hâld der sels ek net fan. Mei in rol húskepapier ûnder de earm nei de wc, neat foar my.

Gelokkich fûnen we úteinlik dochs noch in Fries: Hillebrant Idsenga. Hy hie de Fryske flage oan de tinte hingjen dus in echte die-hard (om in moai Frysk wurd te brûken, of net Koos?). Dêrnei pakten we de metro nei it Holland Heineken House om te wachtsjen op Wim Stroetinga en Jenning Huizenga, dy't hjoed sânde wurden binne op de ploege-achterfolging. Yn de tuskentiid ha ik de reportaazje oer de Oranjecamping al monteard. Dy is moarn te sjen op tillevyzje. It ferstjoeren wie yn in sucht en in skeet dien, wylst dat gewoanwei dochs al gau in healoere duorret. Kredits foar it flugge ynternet hjir, klasse!

Moarn (sneon) geane rjochting Weymouth. Silers Pieter-Jan Postma en Marit Bouwmeester lizze op medaljekoers. Soe Fryslân foar it earst sûnt 1996 wer in medalje pakke op de Simmerspelen? We hoopje der tsjûge fan te wêzen!

Jan Vincent van Zuiden (Twitter: @JVvanZuiden)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)