Drokte op Rôggefeest Amelân

03 aug 2012 - 21:27

Tûzenen besikers kamen freed nei it Rôggefeest op It Amelân. It Rôggefeest is in strjitfestival dat altyd op de earste freed fan augustus yn it doarp Nes hâlden wurdt. Op ferskate plakken yn it doarp wiene allegearre shows te sjen. Der wie ûnder oaren muzyk, dûns en teater.

It Rôggefeest waard dit jier foar de 26e kear organisearre. Hoefolle minsken der west hawwe is net krekt dúdlik, mar de ferwachting is dat it oantal tusken de 10.000 en 15.000 leit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)