Brief oan Soarchfersekerder

03 aug 2012 - 20:12

De aksjegroep 'Red de Sionsberg' wol dat der opnij sjoen wurdt nei it alternative plan foar de bertesoarch yn it Dokkumer sikehûs. Dêrom hawwe se no brieven skreaun oan de bestjoerders fan soarchfersekerder De Friesland, de Sionsberg en de ynspeksje.

It alternative plan is yn maaie opsteld troch it bestjoer fan it Dokkumer sikehûs. Mar neffens de aksjefierders is dêr troch de soarchfersekerder noch net nei sjoen. Red de Sionsberg hopet dat it ûndersyk dat de gemeente Dongeradiel no docht, in ympuls jaan sil oan it alternative plan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)