Bouwmeester docht goeie saken

03 aug 2012 - 19:35

It wurdt tige spannend op de Olympyske Spelen foar sylster Marit Bouwmeester. Bouwmeester kaam yn de races fan freed as fjirde en as tredde oer de streek, hjirmei bliuwt se op in tredde plak yn it klassemint stean. It ferskil mei de nûmers ien en twa is lykwols in stik lytser wurden. De Ierse Annalise Murphy stiet mei 24 punten mar twa punten op Bouwmeester foar.

De nije nûmer ien, de Belgise Evi van Acker, hat in puntetotaal fan 23, Bouwmeester hat 26. Sneon steane der wer twa races op it programma, moandei wurdt de medaljerace syld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)