Epke nominearre foar sportman

Turner Epke Zonderland is nominearre foar Sportman fan it jier 2011. Zonderland wûn yn april op it EK yn Berlyn syn earste Europeeske titel op rekstôk. Ek helle hy dat toernoai sûlver op brêge. Yn 2009 waard Zonderland al ris útroppen ta sportman fan it jier. Oare nominearren foar de titel Sportman 2011 binne skermer Bas Verwijlen en reedrider Bob de Jong.
By de froulju giet de striid tusken reedrydster Ireen Wüst, swimster Ranomi Kromowidjojo en hurdfytster Marianne Vos. Op moandei 12 desimber wurde de winners bekend makke op it sportgala.