Postma tredde yn klassemint

Pieter-Jan Postma © EPA
Siler Pieter-Jan Postma stiet mei noch ien race te gean op it tredde plak yn it algemien klassemint. De siler fan Terkaple kaam freed yn de earste race as earste oan.
By de twadde race waard er twadde, nei de Brit Ben Ainslie. De Deen Jonas Hogh-Christensen hat de lieding mei 26 punten. Trijefâldich Olympysk kampioen Ben Ainslie hat 28 punten en Pieter-Jan Postma 42. Deun achter Pieter-Jan stiet de Frânsman Jonathan Lobert en de Kroäat Ivan Kljakovic Gaspic mei 47 punten. Snein yn de medaljerace sile de bêste tsien en telle de punten dûbel.
In earste plak smyt dan twa punten op, in achtste plak sechstjin en it tsiende en lêste plak betsjut tweintich punten. Dy punten wurden by de skoare fan no opteld.