Huldiging PC-winners yn Balk

03 aug 2012 - 14:39

De winners fan de PC wurde sneon ek nochris huldige yn Balk. Dat bart middeis om fiif oere op it sportterrein. De pleatslike keatsferiening Cannegieter organisearret de huldiging. It bestjoer fan de gemeente Gaasterlân-Sleat is ek útnoege.

As it waar it talit, gean Hendrik Tolsma, René Anema en Thomas van Zuiden ek noch mei in luchtballon de loft yn. Der is fansels ek in rûnrit. De oare huldiging wie woansdeitejûn yn Boalsert, op deselde dei as de PC.

Trefwurden: 
Balk keatsen huldiging PC winners
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)