Ajax wol Oussama Assaidi

Oussama Assaidi © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Ajax hat him twa wike lyn offisjeel melden by SC Hearrenfean om Oussama Assaidi oer te nimmen. Dat befestiget de technysk direkteur fan Hearrenfean Johan Hansma. Ajax hat noch gjin bod útbrocht op de 23-jierrige fleugeloanfaller. Op dit stuit wurdt der ek net ûnderhannele. Assaidi die tongersdei net mei yn it Europa Leagueduel fan Hearrenfean tsjin Rapid Boekarest. Hy hie de gryp.
Assaidi hie earder yn dit simmerseizoen hast in kontrakt by it Turkse Galatasaray tekene. Mar dat is noch hieltyd net bard.
Oussamia Assaidi hat by SC Hearrenfean noch in kontrakt foar ien jier.