Baldadige fakânsjegongers
De plysje hat op Skylge twa ynwenners fan Harns oppakt foar fernielings. De 17-jierrigen wiene sjoen doe't se tsjin ôffalbakken oan trapen en in fyts bewurken. Mei it sinjalemint dat de tsjûgen trochjoegen gie de plysje nei harren op syk. Se waarden fûn yn in boskje by in camping.
De jonges moasten in boete fan 220 euro betelje. Ien fan de twa krige ek noch in proses-ferbaal, omdat er gjin ID-kaart sjen litte koe.
Op It Amelân binne ek trije jonges út Gerkeskleaster trapearre op baldadigens. Se hiene yn Nes ôffalkonteners omsmiten. Doe't se yn 'e gaten hiene dat de plysje dat sjoen hie, naaiden twa fan harren gau út. Ien fan 'e trije wie dêr te dronken foar. Hy bleau stean. Lykas op Skylge krigen dizze baldadige jonges fan 19, 20 en 20 jier ek in boete fan 220 euro.