Frou yn Drachten oerfallen

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
In frou fan 78 jier is tongersdeitemiddei oerfallen yn har eigen hûs oan de Groene Zoom yn Drachten. By thúskomst seach de frou dat de doar nei de keamer iepenstie. Doe't se nei deryn rûn, kaam se in ûnbekende man tsjin. Dy joech har in triuw, sadat se foel. De man naaide dêrnei út.
De plysje hat op syk nei de oerfaller west mar him net fûn. Der is ek in spoarûndersyk yn it hûs dien. De frou is opfongen troch famylje. Se hat ek slachtofferhelp oanbean krige.