Besykjen ta deaslach Ljouwert

03 aug 2012 - 09:57

In 42-jierrige Ljouwerter is tongersdei ferwûne rekke by fjochterij op de Sudergrêftswâl yn syn wenplak. De man krige rûzje mei twa stedsgenoaten, in 43-jierrige frou en in 44-jierrige man. Dy koene op grûn fan ferklearrings fan tsjûgen letter oanhâlden wurde. Se wurde fertocht fan besykjen ta deaslach.

De Ljouwerter rekke ûnder oare ferwûne oan 'e rêch, mooglik omdat er stutsen is mei in mes. Hy is oerbrocht nei it sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)