Blog: In dei Olympysk Park: gjin Sven Kramer, wol Jenning Huizenga

02 aug 2012 - 23:46

In frij rêstige dei hjoed. Earst de bylden oer it yntusken wrâldferneamde hûntsje Snowy monteare en dêrnei besykje om by it baanhurdfytsen te kommen. Gjin maklike opjefte, want it Olympyske Park is wierskynlik it meast befeilige plak fan Londen. Der binne leafst acht stadions byelkoar dêr't eveneminten plakfine en boppedat is dêr ek it Olympyske doarp dêr't de sporters ferbliuwe. Fan hockey oant baanhurdfytsen en fan atletyk (yn it grutte Olympyske stadion) oant BMX, it is allegear op ien gigantysk terrein byelkoar brocht. As je út de metro stappe moatte je fuortendaliks al in ticket of akkreditaasje sjen litte, oars komst it stasjon net iens út.

De freonen fan Lieuwe Westra dêr't we juster mei yn de kunde kamen hiene tickets om fan 10.00 oant 15.00 op it Olympyske Park om te stappen. Se giene middeis lykwols werom nei hûs en dus hiene we ôfpraat dat wy elkoar om 14.30 op it stasjon treffe soene. Dan krigen wy harren kaarten en koene wy besykje om binnen te kommen. It slagge my aardich, mar Dirk hie mear problemen. 'Der sit gjin stikker op dyn kamera. En mei ik dyn akkreditaasje wol even sjen?' Tsja, dy beide dingen hie dizze kamerman fansels net. Ut need liet hy syn Holland Heineken House kaart mar sjen. 'Ok, rin mar troch', krige hy te hearen. Moai man.

Dus dêr stapten we opnij sûnder de goede tagongspapieren dochs wer om op de lokaasje dêr't we wêze moasten. (Mar wol mei tank oan Lieuwe's freonen!) In Nederlânske man dy't by it hockey west hie, seach dat we fan Omrop Fryslân wiene. Hy wiisde ús der op dat Sven Kramer der ek wie. In moaie tip, mar hoe komme je ferfolgens yn it hockeystadion? Gewoan immen om syn kaart freegje dy't der útstapt en mei dyselde kaart binnen besykje te kommen. Eins kin dat net, want de tickets wurde scand by de yngong en kinne mear ien kear brûkt wurde. Der ferskynde dan ek in grut read krús op de scanner fan de befeiliger. Mar hy sei: 'draaf mar gau troch, de wedstriid begjint hast, opsjitte.' Eeeh, ok, bêst genôch. Spitigernôch wie Kramer yntusken al fuort. Krekt te let, it kin net altyd meisitte.

Gelokkich troffen we Jenning Huizenga wol krekt bûten it Velodrome, it stadion fan de baanhurdfytsers. It wie even sykjen, mar tillefoanysk loadsten we Huizenga nei it plak dêr't we stiene. De achterfolgingsploech wie as 8e einige en dat wie krekt genôch foar kwalifikaasje foar de folgjende ronde. Huizenga fertelde dat de tarieding net optimaal wie: 'We hiene fuort de earste dei al rúzje mei alles en eltsenien. We meie hjir nergens fytse, we wurde oeral fan de dyk ôfskopt, dramatysk.' In medalje is sa goed as ûnmooglik foar de achterfolgers, mar se besykje der it bêste fan te meitsjen. Nei it ynterview binne we fluch nei it appartemint gien. Krekt op tiid om Ranomi Kromowidjojo har gouden race te sjen. In moai momint. En no sille we genietsje fan it dreamteam, de Amerikaanske basketballers. Even lekker bykomme fan 'e jûn!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)