Restaurants hâlde stjer

28 nov 2011 - 10:10

Restaurant Frouckje State yn Ryptsjerk en de Koriander yn Drachten behâlde beide harren Michelinstjer. De twa restaurants binne de iennigen yn Fryslân mei in stjer.

De Michelinstjerren wurde alle jierren yn novimber bekend makke. It is de meast prestisjeuze beneaming foar in restaurant. Yn Nederlân binne mar twa restaurants mei trije stjerren: De Librije yn Swolle en Oud Sluis yn Sluis. It restaurant fan de Fryske topkok Marco Poldervaart, De Fuik yn Aalst, rekke in stjer kwyt. Dat komt om't Poldervaart it restaurant dit jier oernaam hat. By in nije eigner reitsje de restaurants altyd earst in stjer kwyt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)