'Oare fartiden EVT net nedich'

Op nautyske grûnen is it net needsaaklik safolle tiid te litten tusken it oanlizzen en ôffarren fan de fearboaten fan Doeksen en de EVT. Dat stelt nautysk saakkundige Alewijn Boogaard fan Blokzijl. De EVT moat syn farskema oanpasse om't it net slagget binnen de stelde tiden te farren. Se moatte de haven in oere foar't in skip fan Doeksen komt út wêze. Hâlde se har dêr net oan dan moat de EVT ta de bûse, sa hat de rjochter útsprutsen.
Neffens Boogaard wurdt it tiid dat in ûnôfhinklik saakkundige sjocht nei it skeel.
Dy moat dan sûnder rekken te hâlden mei alle saaklike belangen in útspraak dwaan oer it brûken fan de havenfasiliteiten troch de rederijen Doeksen en EVT.