Harns krijt fiskersmonumint

02 aug 2012 - 16:02

Harns krijt in monumint foar de fiskers dy't omkaam binne by harren wurk. It giet yn totaal om fiif minsken dy't yn de lêste 51 jier ferstoarn binne op see. It monumint is in inisjatyf fan Harnzer Johan Dijkstra en wurdt betelle troch sponsors.

De plakette mei de fiif nammen moat in plakje krije op de nije kearmuorre yn de stêd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)