Postma tongersdei twa kear 2e

© Omrop Fryslân
Siler Pieter-Jan Postma is op de Olympyske Spelen nei tongersdei ien plak omheech gong. Postma sylde tongersdei bêst en waard twa kear twadde. Yn it klassemint hat er it gat mei de medaljeplakken no in stik lytsr makke.
It gat mei de nûmer trije is no fiif punten, it ferskil mei de nûmers ien en twa liket te grut. Postma sylt no noch twa races en de medaljerace. Marit Bouwmeester hie tongersdei in rêstdei.