Ekstra dykbewaking Wetterskip

Logo Wetterskip Fryslân © Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân stelt sneintenacht op trije plakken ekstra dykbewaking yn. Op Skiermûntseach, it Amelân en by Lauwerseach sille fan tolve oere ôf ynspekteurs by de dyk del.
It wetterskip docht dit, omdat it wetter dan op it krityske peil fan 3 meter en 12 sentimeter boppe NAP komt. Om goed acht oere hinne is de kearmuorre by Harns sletten fanwege it hege wetter. De ferwachting is dat it wetter nei 12 oere sneintenacht wer sakje sil.