Min wykein Frysk kuorbal

27 nov 2011 - 20:42
  • Kuorbal

Fan de trije Fryske ploegen yn de sealhaadklasse koe allinne Mid-Fryslân in punt byskriuwe. Yn Grou wie de wedstriid tsjin VADA geweldich spannend mei 21-21 as einstân. Foar Mid-Fryslân in opstekker nei it grutte ferlies (35-14) fan ferline wike tsjin LDODK. Dy ploech koe oan de galafoarstelling tsjin Mid-Fryslân gjin ferfolch jaan. Yn Veenendaal waard mei 23-19 ferlern fan SKF. LDODK ferlear de wedstriid yn de twadde helte, boppedat rûn Peter Lageweg in ankelblessuere op. SCO wachtet noch op de earste punten. De ploech út Aldeholtpea ferlear yn Kampen mei 24-19 fan DOS.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)