Gjin gefolgen ferlies Schuil

Beachfollyballers Richard Schuil en Reinder Nummerdor hawwe har lêste groepswedstryd by de Olympyske Spelen ferlern. It Letske duo Martin Plavins en Janis Smedins wie mei 21-14 en 21-18 te sterk. It wie net foar it earst dat Schuil en Nummerdor dit seizoen fan har ferlearen.
It ferlies fan Schuil en Nummerdor is net hiel slim. Se hiene har al pleatst foar de lêste 16 en meitsje kâns op in medalje.