Blog: It hûntsje fan Lieuwe Westra

02 aug 2012 - 11:09

It wie justerjûn tige gesellich yn it Holland Heineken House mei Lieuwe Westra en in pear fan syn freonen. Sa gesellich, dat it skriuwen fan in blog der fannacht in kear by bleaun is. We hiene mei ús allen in bysûndere dei belibbe om de tiidrit fan Westra hinne. Dêr moast noch even oer neipraat wurde en boppedat slagge it net om de hurdfytser nei syn tiidrit op lokaasje foar de mikrofoan te krijen. Dêrom makken we in ôfspraak mei him yn it HHH, want de Olympyske Spelen wiene foar him foarby en dus mocht hy ek even it feest yn. Mar der gie in hiel ferhaal oan foarôf.

We geane werom nei justermoarn (woansdei). We hiene in reportaazje makke oer de twa Friezen yn it HHH en dy moast ik foar de tillevyzje noch monteare. Yntusken hie ik kontakt mei Adriëne Snijder, de freondinne fan Lieuwe Westra, om har te treffen foarôfgeand oan de tiidrit fan har freon. De wedstriid begûn om 14.15 en we makken in ôfspraak om 13.30 by start/finish. De famylje (neist Adriëne wiene ek mem Alie Westra en de âlden fan Adriëne yn Londen) hie kaarten foar de tribune by de start. Mar der wie in grut probleem: hûntsje Snowy mocht net mei nei binnen ta... Yn de foarskriften stie net dat bisten ferbean wiene en de famylje focht it oan by de heechste baas. Mar nee, Snowy kaam der net yn. 'Dan maar niet naar binnen, we laten Snowy hier niet achter', sei Adriëne. Dat koe fansels net. Wy binne de beroerdsten net, dus ha we oanbean om op it hûntsje te passen. Se fleuren hielendal op en tankbar en gelokkich stapten se nei binnen.

Tsja, dêr stie ik dan, flakby start/finish mei in hûntsje yn de drokte. In pear ynstruksjes meikrigen oer iten en drinken en dan soe it wol goedkomme. 'Ze is heel makkelijk', ferskere Adriëne my. Gelokkich wie dat ek sa. It hûntsje krige in protte oandacht fan froulju en bern dy't in sa'n skattich bistje fûnen. Sels Herman van der Zandt fan de NOS, dy't tafallich foarby kaam en oan wa't ik it ferhaal fertelde, naam der in foto fan. Snowy fûn it allegear prima, it makke har neat út. Om 14.51 kaam Westra foar it earst foarby, krekt nei de start. Mei Snowy op de earm stie ik der nei te sjen, mar ik leau net dat it hûntsje har baaske herkende.

In oere letter kaam Westra oer de streek. Hy fytste út lâns de kloften minsken. Opnij mei Snowy op de earm hope ik dat de hurdfytser ús sjen soe yn it publyk. Mar 'it bist' (foar de minsken dy't it net witte, dat is de bynamme fan Westra) hie gjin each foar syn eigen bist. Stikken en kapot fytste hy by ús del, sûnder op of om te sjen. Westra hie de put der út. De taskôgers giene út harren dak by it foarbykommen fan grutte favoryt Bradley Wiggins. De Brit makke dy rol wier en pakte it goud. Westra einige as 11e en dat wie krekt net genôch om syn doel te heljen: in plak yn de top 10. Dochs sjocht hy tefreden werom op syn optredens op de Spelen.

In oere nei de finish kaam de famylje harren hûntsje wer opheljen. Snowy seach har echte baaskes fuortendaliks en draafde bliid op harren ta. Nei my seach se fansels net mear om, mar neffens my hat Snowy it wol nei it sin hân. De bylden binne jûn (tongersdei) te sjen yn Hjoed. Nei de tiidrit kamen we yn de kunde mei in pear freonen fan Westra dy't ek nei it HHH giene. Gesellige minsken dy't ús boppedat miskien op it Olympyske park (mei sân stadions) helpe kinne. Sûnder ticket komst der net op en wy binne fan doel om baanhurdfytsers Jenning Huizenga en Wim Stroetinga te treffen. De freonen ha wol kaartsjes, mar geane fan 'e middei werom nei Nederlân. As it slagget krije wy dan harren tickets en komme wy in stikje tichter by it Velodrome dêr't it baanhurdfytsen is. Op nei in nij aventoer!

Jan Vincent van Zuiden (Twitter: @JVvanZuiden)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)