Himpkwekerij yn Warfstermûne

Himp © ANP
De plysje hat woansdei in himpkwekerij yn in hûs oan de Leegsterwei yn Warfstermûne ûntmantele. De plysje reagearre op in ynbraakmelding. Doe't de plysjes by it hûs kamen, seagen se dat in rút fernield wie. Yn in sliepkeamer fûnen se de kwekerij mei 200 planten.
It guod is yn beslach naam. De stroom waard yllegaal ôftape. It elektrysk is troch it enerzjybedriuw ôfsletten. De plysje ûndersiket noch wa't de eigener is.