Deelstra fjirde yn Tilburch
Hurdrinster Andrea Deelstra is snein by it NK cross yn Tilburch as fjirde Nederlânse einige. De atlete fan AV Hearrenfean kaam yn de wedstriid oer 8100 meter oer de streek yn in tiid fan 28.59 minuten. Dat wie oardel minút stadiger as winner Andrienne Herzog. Yn de totaalútslach waard Deelstra tsiende. Se miste it Nederlânske poadium op ien sekonde.