Wurk oan Amelanner Feugelpôlle

01 aug 2012 - 17:02

Fan nije wike ôf wurdt wurke by de Feugelpôlle ûnder Hollum op it Amelân. Der sille rânen fan klaai en klaaiskelpen oan de waadkant fan de kwelder makke wurde. De Feugelpôlle is in belangryk briedgebiet foar fûgels.

Under oaren Steatsboskbehear en Wetterskip Fryslân dogge mei oan it saneamde eksperimint Klimaatbuffer Zuidwest Ameland. It moat derfoar soargje dat der genôch nije kwelder oanmakke wurdt op in natuerlike wize. De ôfrûne jierren is de kwelder lytser wurden.

Fytsers op de seedyk by de kwelder sille omlaat wurde mei alternative fytsrûtes.

Trefwurden: 
Feugelpôlle Hollum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)