Auto wie al langer yn Mearum

auto © Plysje Grinslân
De pearske auto, dy't yn july brûkt is by de moard op in 40-jierrige ynwenner fan it Grinslanner Mearum, is in pear dagen foar it sjitynsidint al sjoen yn itselde doarp. De plysje hat woansdei kamerabylden frijjûn dêr't op te sjen is dat de auto troch it doarp rydt. Mooglik wie de bestjoerder doe op in earste ferkenning.
Nei alle gedachten wie de dieder in pear dagen foar de moard yn of yn de buert fan Mearum. De plysje hat noch altyd gjin idee wa't de skutter is en wat syn motyf wêze kin.