Earnewâld wint op Terherne

01 aug 2012 - 16:32

Earnewâld is definityf winner fan it SKS Skûtsjesilen by Terherne. It skûtsje fan skipper Gerhard Pietersma fear al nei in lyts healoere oan kop, folge troch Boalsert en De Lemmer. Prachtich simmerwaar en in moai wyntsje soargen foar goeie omstannichheden. Nettsjinsteande dat wie de earste start in massale falske start wêrby't it skûtsje fan Snits averij oprûn en dêrmei út de wedstryd lei.

By de twadde start, in 20 minuten letter wienen it de skûtsjes fan De Jouwer en Langwar dy’t nei in falske start foar in tredde kear starte moasten.

Foaryn wie it it Lemsterskûtsje fan skipper Johannes Meeter dy’t oan kop lei, rap folge troch Earnewâld en Boalsert. Troch it geweldige silen fan Earnewâld koe it skûtsje fan Gerhard Pietersma oan kop farre. De Jouwer slagge der nei de falske start dochs noch yn om sechde te wurden.

Der wiene in soad protesten. It skûtsje fan It Hearrenfean krige 14 strafpunten om't it in botsing feroarsake tusken Snits en Ljouwert. Snits krige foar dizze wedstryd een gemiddeld oantal punten fan de oare wedstriden. Fjouwer protesten waarden ôfwezen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)