Blau-alch fûn yn Lytse Wielen

01 aug 2012 - 15:12
  • Blau-alch

Yn it wetter fan de Lytse Wielen by Ljouwert mei foarearst net mear swommen wurde troch lytse bern en âlderen. Dat komt omdat der blau-alch fûn is yn it wetter. Lytse bern en minsken mei fermindere wjerstân kinne dêr siik fan wurde.

De konsintraasje skealike stoffen is mar lyts, dêrom is in folsein swimferbod net nedich. De provinsje is frege om warskôgingsbuorden del te setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)