Minder jild foar Oerol

01 aug 2012 - 12:45

It Oerol-festival krijt oer 2013 en 2014 in subsydzje fan 500.000 euro fan it Fonds Podiumkunsten. Oerol hie om 600.000 euro frege. It fûns makke woansdei bekend hokker ynstellingen subsydzjes krije. It fûns krige 200 oanfragen fan teater-, muzyk- en dûnsselskippen.

Lang net alle ynstellingen krije noch subsydzje om't der besunige wurdt op keunst en kultuer. Neffens it fûns krije de besunigingen no in gesicht, no't dúdlik wurden is wa't wol en wa't gjin subsydzje krijt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)