Fiifde skip JR Shipping fallyt

01 aug 2012 - 11:43
  • Electron

Rederij JR Shipping yn Harns hat foar de fiifde kear fallisemint oanfrege foar ien fan har skippen. It giet om it kontênerskip ms Electron, dat sûnt 2007 by JR Shipping yn de feart is. De rederij en de ynvestearders wurde finansjeel swier troffen troch it fallisemint. Dat komt foar it bedriuw net as in ferrassing. De skipfeart wurdt hurd troffen troch de ekonomyske krisis. JR Shipping hie begjin dit jier noch 25 skippen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)