Pear oerfallen yn sliepkeamer

01 aug 2012 - 10:57

In echtpear fan 84 en 75 jier út Sint Jânsgea is tiisdeitenacht oerfallen yn syn hûs oan de Hege Dyk. De 75-jierrige frou waard wekker en seach in ynbrekker yn de sliepkeamer stean. Se rôp om help, wylst har man besocht de ynbrekker út it hûs te krijen. De bewenner rekke dêrby ferwûne oan de holle.

De ynbrekker naaide út nei it natuergebiet Easterskar. De plysje hat dêr mei in hûn en in helikopter socht, mar de ynbrekker net fûn. De plysje ûndersiket noch oft der in fjoerwapen by de oerfal brûkt is.

Trefwurden: 
oerfal sliepkeamer pear
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)