Ferkearsbuorden Ljouwert fuort
De gemeente Ljouwert ferwideret oerstallige ferkearsbuorden út 'e binnenstêd. Dêrmei hopet Ljouwert mear kâns te meitsjen op de priis 'Beste binnenstad 2015'. Tiisdeitemoarn is it earste boerd fuorthelle, in boerd dat alle motorfoertugen ferbiedt om fan de Grutte Tsjerkestrjitte ôf de Sint Anthonystrjitte yn te riden.
It boerd is neffens de gemeente oerstallich, omdat it ferbod al foar it hiele gebied om de Tsjerkestrjitte hinne jildt. Rob Lijzenga fan 'e stjoergroep 'Beste binnenstad 2015' hie de ear om it earste boerd te ferwiderjen.